fbpx

KOM ZATERDAG TUSSEN 13:00 en 17:00 NAAR DE GRUTTE PIER DRIVE-IN

Bierproeverij Friesland Grutte Pier Brouwerij

Bierpriuwerij Fryslân Grutte Pier Brouwerij – troch Jan Nota

Kenst de bieren fan Grutte Pier noch net of bist wol bekend mei ús ferneamde Tripel of Stout en dêrtroch benijd wurden nei ús oare bieren? Gjin probleem, Grutte Pier Brouwerij fersoarget ferskate soarten priuwerijen.

Hoe smûk is it om mei in groep freonen, dyn sportteam, dyn kollega's, dyn buorlju of dyn bierklup in bierpriuwerij te dwaan! Mar mei in goed glês bier op is autoriden net mear ferantwurde. Dus wêrom dan net in priuwerij op in lokaasje dy't foar dy handich is, datst lekker op it fytske út dyn sportkantine of fertroude stamkafee wei wer nei hûs kinst. Of soest ris in priuwerij op it wetter wolle, bygelyks troch de grêften fan Ljouwert? Alles kin!

Kensto de yngrediïnten dy't wy brûke om ús hearlike bieren te meitsjen, witsto wêrom't in stout hast swart fan kleur is en wêrom'T in dûbel swietich is, witsto wat in kofjefilter mei bier te krijen hat, bist bekend mei it fenomeen bierstachelje of Bière Flambee? Nee?
Dat ûnderfynst allegearre wannear'tst in priuwerij boekst by Grutte Pier Brouwerij. Dat alles bart ûnder de profesjonele begelieding fan ynternasjonaal biersommelier Jan Nota.

Jan Nota, ek wol de BierTrûbadoer neamd, lit dy graach al ús bieren priuwe, fertelt oer de oarsprong, lit dy yn 'e kunde komme mei de échte Grutte Pier en sjongt ek noch ferskes oer dit lekkere focht.

Koart kriemd, in bierpriuwerij by Grutte Pier is in grut feest!

Trochdat der in soad mooglik is, binne prizen yn oerlis.

 

Program

Kosten

Doer

Omskriuwing

Basisprogramma Bierpriuwerij oant 18 pers. ynkl. bier

350,-

± 2,5 oeren

Priuwst in opbou fan bekende bierstilen. Dêrby krigest útlis oer it komôf fan it type, de tarieding, it skinken en drinken.

Basisprogramma Bierpriuwerij mear as 18 pers. ynkl. bier

€ 20,- de persoan

± 2,5 oeren

Idem

Lytse Priuwerij

Priis fan € 250,- ôf. Mear as of op syn minst 20 pers. x € 12,50 de persoan

1 oere

Mochten jo mei jo minsken efkes in ynformeel oerke belibje wolle of binne 3 bieren foar jo mear as genôch? Dan kieze jo foar in lytse priuwerij. (kin ek goed yn kombinaasje mei livemuzyk nei ôfrin)

Pubkwis Priuwerij

'Ik hâld fan bier'

ynkl. 6 bieren.

mear as 20 pers.

€ 22,50 de persoan

± 3 oeren

In ynteraktive bierkwis yn it format fan 'Ik hou van Holland'. Dêrby wurde 6 bieren preaun yn in wat gruttere hoemannichte as by de oare priuwerij.

Dit is dé pubkwis foar bierleafhawwers. Mei ferskillende teams giest de striid oan tsjin inoar foar ivige rom. By dit ynteraktive spul fol geselligens learst fan alles oer bier en silst dy bieren fansels ek priuwe.

Bier en Flaubyt

ynkl. bier

€ 400,-. Mear as 17 pers. + € 25,- de persoan

± 2,5 oeren

Bier en Flaubyt is in priuwerij mei lytse hapkes. Tsiis, woarst (fan ús eigen Mangalica-bargen) en sûkelarje (spesjaal yn België makke foar Fryske bierkombinaasjes lykas bgl. Fryske dúmkessûkelarje).

Blynpriuwe

Priisopbou gelyk oan de basisprogramma's

1,5 oant 2 oeren

Sûnder blyndoek mar mei in universeel glês besykje bieren te beskriuwen en faaks te werkennen.

Ferdjipping bierstilen

Priisopbou gelyk oan de basisprogramma's

± 1,5 oant 2 oeren

Fan 1 bierstyl ferskillende merken.

In biertype hat beskate skaaimerken mar dat se dochs sterk útienrinne kinne bewiist dizze sesje.

Fryske Bierpriuwerij oant 18 pers. ynkl. bier

Mei Fryske amuses

400,-

± 2,5 oeren

Fryslân hat ferskate prachtige brouwerijen. Kom yn 'e kunde mei dy bieren en harren eftergrûn mei dizze priuwerij. (mei Fryske amuses)

Eksklusive Bierepriuwerij

fan € 40,- de persoan ôf

Mei amuses

± 2,5 oeren

Foar de echte leafhawwer! Túnkafee 'De Nije Trije' besit in ryk assortimint oan bysûndere bieren. Genietsje mei sa'n eksklusive priuwerij fan de útienrinnende en komplekse smaken.

Livemuzyk nei ôfrin.

Taryf:

1 oere: € 95,-

2 oeren: € 195,-

Ensfh.

Dy prizen binne

Mochten jo jo priuwerij ôfslute wolle mei in smûke neisit dan past in stikje livemuzyk dêr skoan by. As de BierTrûbadoer der dan dochs is...

Dy prizen jilde allinnich wannear't it optreden

Arranzjemint: Bierpriuwerij 'Grutte Pier'

In primeur foar Preamferhier Ljouwert. Yn gearwurking mei de bierbrouwerij Grutte Pier fersoargje wy in bierpriuwerij oan board fan ús pream 'Grutte Pier'.

In primeur foar Preamferhier Ljouwert. Yn gearwurking mei de bierbrouwerij Grutte Pier fersoargje wy in bierpriuwerij oan board fan ús pream 'Grutte Pier'.

Mei dizze preamfeart fan 2 oeren kinne jo genietsje fan 7 ferskillende soarten bier en fan livemuzyk fan de BierTrûbadoer Jan Nota. Njonken syn muzikale optreden sil er ek alles fertelle oer de ferskillende soarten bier.

Kosten: € 35,- de persoan ynkl.:

  • priuwen fan 7 ferskillende bierkes
  • jo krije 1 glês fergees
  • livemuzyk
  • ynformaasje oer de ferskillende soarten bieren

 

Der kinne op syn heechst 20 persoanen mei oan board.

GRUTTE PIER bier fan KROESEMEDIA op Vimeo.