fbpx

Bretttune

Bretttûne

Te namme Bretttûne stiet foar ús bierline dy't in wylde fergêsting ûndergien hat mei in Brettanomyces-gêst yn in Frânske ikenhouten tûne. Dit is in bysûnder type bier dat hast nearne broud wurdt. It natuerlike proses yn it houten fet, dêr't de bieren soms wol twa jier lizze te rypjen mei lokale yngrediïnten, laat ta bier mei in unike smaak dy't net wer te kopiearjen is. Mei oare wurden, 225 liter unyk bier!

Wy neame dit bier dêrom in Bretttûne, in kombinaasje fan it wurd Brett en Tûne. De trije T's steane foar de trije-ienheid: Bier, Tûne en Brett. De unike eigenskippen fan de Bretttûne is in kompleks fruitich karakter, lichtsoerich en subtile fanylje troch it ikehout. In bier datst boppedat skoan in tal jierren tsjuster en koel fuortsette kinst om fierder rypje te litten.

De tocht door Brouwboerderij Bartlehiem

Foardatst dit hearlike, soere bier yn dyn glês útskinkst ûndergiet it in tocht fan sa'n twa jier troch ús Broupleats Bartlehiem. It bier wurdt yn ús eigen tsjettels broud, wêrnei't it yn de ikenhouten fetten giet dy't yn ús priuwlokaal steane. Soms foegje wy ûnder it ripingsproses ekstra lokale yngrediïnten ta lykas fruit of krûden út eigen tún. It bierbostel dat oerbliuwt nei it brouwen wurdt ophelle troch de buorman dy't it wer oan de kij fuorret.

As it bier leit te rypjen en de wylde gêst syn wurk docht, makket ús brouwer sa út en troch in rûntsje by de fetten del om te sjen, te rûken en fansels om te priuwen fan it bier. As it bier goed smakket, wurdt it hânmjittich bottele en is der in beheind tal fleskes unyk Bretttûne-bier te keap!