fbpx

KOM ZATERDAG TUSSEN 13:00 en 17:00 NAAR DE GRUTTE PIER DRIVE-IN

BROUWERIJ

de GRUTTE PIER BROUWERIJ

Sûnt 2014 bestiet de Grutte Pier Brouwerij. Wy brouwe ús bieren yn de tsjettels fan oare brouwerijen, ek wol hierbrouwen neamd. Wy hawwe in lytse ynstallaasje dêr't wy ús resepten mei ûntwikkelje. Yn Ljouwert oan ’e Slauerhoffwei hawwe wy ús opslach en tûneseal.

TÛNESEAL

Njonken ús basisline, seizoensbieren en specials meitsje wy ek wylde bieren. Dat is in bysûndere kategory bieren dy't mar troch in pear brouwerijen makke wurdT. It unike oan dy styl is dat de bieren mei wylde fergêsting ta libben komme. Dy fergêsting dogge wy yn houten tûnen fan 225 liter. Dy tûnen steane yn ús tûneseal dêr't it bier tusken de 3 moanne en 2 jier leit te rypjen.

BEURZEN EN FESTIVALS

In bierfestival is foar ús ít plak om mei ús doelgroep te praten. Biergenieters komme byinoar en kinne bieren priuwe en wylst it petear oangean mei de brouwers. Fansels is it foar ús oarsom, wy kinne ús bieren priuwe litte en wylst mei ús doelgroep yn 'e kunde komme. Jierliks steane wy op likernôch 20 fan dat soarte festivals troch it hiele lân.

Beurzen binne mear bedoeld foar de hoareka. Dêr treffe wy eigeners en wurknimmers fan kroegen en restaurants. Wy presintearje ús merk en lizze út wat spesjaalbier is en wat hja dêrmei kinne. Mei dat soarte fan beurzen prate wy mei in soad potinsjele ôfnimmers dy't wy dêrnei ek in besite bringe.