-
Sale
BOCK
SeizoensbierGrutte Pier Bock
De Grutte Pier Bock is in houtrikke dûbelbock. Dizze krûdige bock hat in moaie smokerigens mei in lichte houttoets. De swietigens mei de krûdigens fan stjeranys en swiethout meitsje dat dit in hearlik bier is foar de hjerst.
Genietsje fan dit bier ûnder it fallen fan de prachtich kleurde blêden of mei freonen om in kampfjoer.
Skaaimerken:
Unfiltere en mei mingde gêsting.
Alkoholpersintaazje: 8%
Skinktemperatuer: 8-9 °C
22 EBU
58 EBC
Rook: lichtrikkerich, krûdigens fan stjeranys en kaniel.
Smaak: swier, snobbersguod, mout en in lichte krûdigens en reek.
Mûlgefoel: rjemmich en sêft.
Neismaak: moaie neismaak fan swiet nei rikkerich, krûdich.
Kaascombinatie: Shropshire Blue, Caerphilly, Charolais d’ Árgolay, Machedoux, Bergkaas, Oude Schapenkaas, Comté (> 2 jaar), Magor con Noci, Tomme de Jura.
-
BRETTTÛNE 75sl BOTANYSK
Bretttûne, SeizoensbierBRETTTÛNE 75sl BOTANYSK
Dit bier hat in ekstra fergêsting ûndergien mei in Brettanomyces-gêst yn in Frânsk ikehouten tûne. Wy neame dit bier dêrom in Bretttûne, in kombinaasje fan it wurd Brett en Tûne. De trije T's steane foar de trije-ienheid: Bier, Tûne en Brett. De unike eigenskippen fan de Bretttûne is in kompleks fruitich karakter, lichtsoerich en subtile fanylje troch it ikehout. In bier datst boppedat skoan in tal jierren tsjuster en koel fuortsette kinst om fierder rypje te litten. De brettanomyces-gêst is in wiere keunstner, de brouwer sjocht faak prachtige bylden ûnstean as er troch it gat yn de tûne sjocht. De 75sl flessen mei yllustraasjes binne in oade oan de brettanomyces-gêst.
-
QUAD STOUT AGUARDIENTE SAUTERNESS READE WYN 50sl
Seizoensbier, FETRIPE BIERENQUAD STOUT AGUARDIENTE SAUTERNESS READE WYN
In mingsel fan trije fetten en twa bieren. Quadrupel en Stout op fetten fan Aquardiente, Sauterness en reade wyn. Fetripe, of sa't hippe minsken it ek wol neame, barrel aged, is it rypjen fan bier op fetten dêr't earst in oare drank ynsitten hat lykas whisky, bourbon of rum. Dat jout it bier noch mear kompleksiteit en smaken fan fanylje, hout en de drank dy't fan orizjine yn it fet sitten hat.
Seizoensbier
Voir le panier «BRETTTÛNE 75sl BOTANYSK» a été ajouté à votre panier.