fbpx

BRETTTÛNE 26

BRETTTÛNE 26

BRETTTÛNE 26

4,50

BRETTTÛNE #26

Dit bier komt út fet 16. It basisbier is de Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in ikehouten fet sitten hat. Oplaach: 720 flessen.

Dit bier hat in ekstra fergêsting ûndergien mei in Brettanomyces-gêst yn in Frânsk ikehouten tûne. Wy neame dit bier dêrom in Bretttûne, in kombinaasje fan it wurd Brett en Tûne. De trije T's steane foar de trije-ienheid: Bier, Tûne en Brett. De unike eigenskippen fan de Bretttûne is in kompleks fruitich karakter, lichtsoerich en subtile fanylje troch it ikehout. In bier datst boppedat skoan in tal jierren tsjuster en koel fuortsette kinst om fierder rypje te litten.

UGS : 4015-1-2-1-1-1 Catégorie :
0000