fbpx

ELIKSER

ELIKSER

ELIKSER

3,8084,40

ELIKSER

Grutte Pier wie yn syn tiid de grutste en sterkste man op ierde. Mei syn enoarme swurd ûnthalzge er mei gemak yn ien swaai seis Hollanners. De krêft dy't er dêrfoar nedich hie kaam út de leafde foar syn famylje, freonen en Fryslân.

Der binne ek ferhalen dat er syn krêft ûntliende oan in eigenaardich drankje út in pittoresk Gallysk doarpke. Dat magyske drankje soe genêskundige eigenskippen hawwe en libbensfersterkjend wêze. De algemisten dy't dy dranken makken soenen ek oan de oarsprong stien hawwe fan it alderearste resept foar de Fryske drank 'Beerenburger'.

De yngrediïnten fan dy dranken binne brûkt yn dit bier. Elikser is in Fryske Heldestout mei Boomsma Beerenburger en is sa krêftich dat dy mei de nedige hoedenens degustearre wurde moat.

In donker bier mei smaken fan roastere mouten, drop, figen en rezinen.

Skaaimerken:

Unfiltere en boppegêstjend.

Alkoholpersintaazje: 11,5%

Skinktemperatuer: 10-13°C

56 EBU

360 EBC

Rook: Laurier, moutich, kofje en donker fruit.

Smaak: roastere mouten, drop, figen, beerenburchkrûden en rezinen.

Mûlgefoel: droppich, plakkerich en licht byinoar lûkend.

Neismaak: lang en smaakfol, drop, rezinen en ferwaarmjend.

Tsiiskombinaasje: Gorgonzola, Stilton, Bastiaanse Blau, Roquefort, Limboarger Rommedoe, Beemster X-O, Berchtsiis, tige âlde Goudse, Fourme d'Ambert, Gorgonzola Dolce, Wolverlei Pyramide.

opklearje
UGS : 4022 Catégorie :
0000

Informations complémentaires

Bundel

1 stuk, 6 stuks, 12 stuks, 24 stuks