FRYSKE BOEZEM
€3,50 – €77,70
FRYSKE BOEZEM
De Friezen stride al iuwenlang tsjin it wetter troch terpen en diken oan te lizzen. Mar earst mei de útfining fan de Fryske boezem hawwe hja it wetter yn 'e stringen krigen. Dy boezems slane it oerstallich (rein)wetter op yn it hert fan 'e Fryske polders.
De boezems jouwe libben oan Fryslân en de Friezen.
Troch klimaatferoaring wurdt ús klimaat hieltiten wieter en steane de boezems faker ûnder druk.
Rainbeer en Grutte Pier Brouwerij brouwe dizze Tripel mei Frysk reinwetter om in oade te bringen oan sawol ús ivige gefjocht tsjin it wetter as oan al dy prachtige Fryske boezems.
Gjin rein, gjin bier.
It resept foar dit bier is gelyk oan ús Grutte Pier Tripel, it iennichste ferskil is it reinwetter.
Skaaimerken:
Broud mei reinwetter.
3 nôtetripel, ûnfiltere en boppegêstjend.
Alkoholpersintaazje: 7,5%
Skinktemperatuer: 7-8 °C
29 EBU
13 EBC
Rook: sinesappel, mout, swiet justjes sitruseftich.
Smaak: swiet, moutich, lichte hopbitter, lichtsoerich.
Mûlgefoel: sêft mei koalsoerprikkeling, plakkerich en licht byinoar lûkend.
Neismaak: krûdich, swietich, moutich, sinesappel, hopbitter.
Tsiiskombinaasje: Munster mei kummel, Wolverlei pyramide, Manchego, Wylde weide (1 jier), Andiker skiep, Tomme de Savoie, Headammer.
Headammer
Informations complémentaires
Bundel | 1 stuk, 6 stuks, 12 stuks, 24 stuks |
---|