fbpx

KRÊFT yn de NACHT 2018

KRÊFT yn de NACHT 2018

KRÊFT yn de NACHT 2018

7,50

KRÊFT YN DE NACHT 2018

De krêft fan Grutte Pier wie ûnbidich. Elke tsjinstanner wie syn kop al kwyt foar't er skrikke koe. De striid fan de Fryske folksheld hie plak yn 'e nacht. De krêft yn dy nachten is de ynspiraasje foar it bier 'Krêft yn de Nacht'. Dit bier fan de

Grutte Pier Brouwerij is in krêft yn de nacht foar elk dy't 'm drinke sil. In donker bier mei smaken fan

roastere mouten, drop, figen en rezinen.

By it iepenjen fan 'e flesse sjocht it bier foar it earst it ljocht. De flesse is ljochtticht troch in matte laach en hat 12 moannen lein te rypjen op in koele lokaasje. Yn dy snuorje fan besinning ûndergie it bier in smaakevolúsje en ûntwikkele it syn krêft.

Skaaimerken:

Unfiltere en boppegêstjend.

Alkoholpersintaazje: 10%

Skinktemperatuer: 10-12 °C

56 EBU

360 EBC

Rook: laurier, moutich, kofje en donker fruit.

Smaak: roastere mouten, drop, figen en rezinen.

Mûlgefoel: droppich, plakkerich en licht byinoar lûkend.

Neismaak: lang en smaakfol, drop, rezinen en ferwaarmjend.

Tsiiskombinaasje: Gorgonzola, Stilton, Bastiaanse Blau, Roquefort, Limboarger Rommedoe, Beemster X-O, Berchtsiis, tige âlde Goudse, Fourme d'Ambert, Gorgonzola Dolce, Wolverlei Pyramide.

Op foarried

UGS : 4007 Catégorie :
0000